Jorrit Bergsma wint iepen NK

30 jan 2013 - 14:11
  • Jorrit Bergsma

Jorrit Bergsma fan Aldeboarn hat woansdei it iepen Nederlânsk kampioenskip maraton wûn. Nei 100 kilometer op de Weissensee yn Eastenryk wûn er de sprint fan in kopgroep fan trije man. Twad waard Geert Plender en tred Jouke Hoogeveen. Dit trio bleau it peloton krekt foar. Christijn Groeneveld, freed Nederlânsk kampioen yn eigen lân en ploechmaat fan Bergsma, wûn de sprint fan de grutte groep en waard fjirde.

Bergsma sil him no konsintrearje op de wrâldbekerwedstriden 5 en 10 kilometer. Hy sil yn Inzell de striid oangean mei Sven Kramer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)