Warskôging kaartehannel ITGWO

30 jan 2013 - 13:58

De organisaasje fan it festival Into the Great Wide Open op Flylân warskôget gjin kaartsjes te keapjen fan tredden. Guon hannelers sizze op ynternet kaartsjes foar it festival te hawwen, mar dat is net sa. Ek fia Facebook en Marktplaats wurde in soad falske tickets foar it muzykfestival oanbean. De organisaasje fan ITGWO jouwe it advys by twifel kontakt op te nimmen mei har. It festival wie sneon yn in pear minuten útferkocht.

Trefwurden: 
ITGWO
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)