Tuskenstân referindum: 15%

30 jan 2013 - 13:39

It rint net stoarm by it referindum oer de takomst fan Ljouwerteradiel. Woansdei tusken de middei hie sa'n 15 prosint fan de ynwenners syn stim útbrocht. Dat is minder as by oare ferkiezings it gefal is. Ljouwerteradiel jout syn ynwenners twa opsjes by it referindum: opgean yn Ljouwert of yn de nij te foarmjen gemeente Noardwest-Fryslân.

Uteinlik moat 60 prosint fan de ynwenners syn stim útbrocht hawwe om it referindum jildich te meitsjen. It is mar de fraach oft dat persintaazje helle wurdt.

Trefwurden: 
Ljouwerteradiel referindum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)