Skeel oer Teeling Petfood

30 jan 2013 - 12:04

It bedriuw Teeling Petfood nimt de ynwenners fan Feanwâlden net serieus. Dat seit de CDA-fraksje fan de gemeente Dantumadiel. It bistefoerbedriuw soarget geregeld foar in soad stank. No hat Teeling Petfood wol maatregels naam om dit te ferminderjen. It CDA fynt dat dit te min helpt en hat dêrom in brief skreaun nei it bedriuw. Teeling Petfood werkent him net yn de krityk. It CDA hat in ynterpellaasjedebat oanfrege oer dizze kwestje. Dat stiet ein febrewaris pland.

Teeling Petfood seit dat it kloppet dat de nije ynstallaasje net it maksimale rendemint hellet, mar it bedriuw soe wol foldwaan oan alle miljeu-easken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)