Stoomtrein noch net ôfskreaun

17 des 2011 - 14:06

It plan fan in stoomtreinferbining tusken Snits en Starum is noch net folslein fan 'e baan. De kurator makke sneon bekend op in byienkomst foar frijwilligers bekend dat socht wurde moat nei in rêdingsplan, ek al binne der finansjele problemen. Alle belutsen partijen moatte takom moanne mei elkoar prate. Der is fiif miljoen euro yn it projekt ynvesteard. Troch tal fan tsjinslaggen mei it spoar, de lokomotyf en wagons rûnen de kosten sa heech op dat de Friese Stoomtrein Maatschappij in moanne lyn it fallisemint oanfrege.

Trefwurden: 
Snits Starum stoomtrein
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)