Fjochterij stappers Drachten

17 des 2011 - 13:50

Op de Noardkade yn Drachten hat freedtenacht in fjochtpartij tusken twa groepen stappers west. De plysje moast der oan te pas komme om de partijen út elkoar te heljen. De beide groepen hiene yn in kroech rúzje krigen. Dy rúzje gie bûten fierder. Dêr bemuoiden twa Drachtsters har der ek noch mei. Dizze beide mannen binne ûteinlik oanhâlden. De plysje moast de omstanners mei de wapenstôk op ôfstân hâlde.

Trefwurden: 
Drachten plysje fjochterij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)