Ekstra wach op drankriders

17 des 2011 - 12:37
  • Plysje

Plysje Fryslân is in kampanje begûn om ekstra alert te wêzen op automobilisten mei drank op. Elke moanne wurde yn Fryslân sa'n 120 bestjoerders pakt dy't tefolle alkohol dronken ha. Nei in briefing yn it plysjeburo fan Snits giene de plysjes freedtejûn de Súdwesthoeke yn om te kontrolearjen. Der binne hast 1000 minsken kontrolearre. Njoggen dêrfan krigen in proses-ferbaal. Twa hiene safolle dronken dat it rydbewiis ynnommen is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)