Krisis rekket lânboubeurs net

17 des 2011 - 12:16

De lânboubeurs yn it WTC Expo yn Ljouwert liket gjin lêst hân te hawwen fan de ekonomysk minne tiden. De beurs luts dit jier sa'n 25.000 besikers. Dat is hast likefolle as twa jier lyn. Op de beurs wurde nije techniken en masines út de ferskate hoeken fan de lânbousektor sjen litten en ferkocht. De beurs duorre fjouwer dagen. It waard dit jier foar de 19e kear organisearre. It tal standhâlders wie dit jier wol leger as oars.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)