Sintrum De Jouwer ferljochte

De winkelstrjitte op De Jouwer wie freedtejûn ferljochte mei waksineljochtsjes. It idee dêrfoar kaam fan Froukje Kooistra. Mear as 7.000 ljochtsjes yn lange rigen baarnden tusken 19.00 en 21.00 oere. Middenstanners en frijwilligers hiene de potsjes delset. De winkelstrjitte wie ek fersierd mei tsientallen krystbeammen dy't troch in sniekanon wytspuite wienen.