Fjouwer ferwûnen by ûngelok

© Omrop Fryslân
Fjouwer minsken binne freedtemiddei ferwûne rekke by in oanriding op de Ljouwerterdyk yn Snits. In man fan 65 út Snits kaam troch ûnbekende oarsaak yn botsing mei in 56-jierrige automobiliste út Boazum. Sy rekken beide ferwûne en moasten, krekt as twa oare ynsittenden, per ambulânse nei it sikehûs. It Bureau Verkeersongevalsanalyse ûndersiket de oanlieding fan it ûngelok.