Marketing Ljouwert net fuort

16 des 2011 - 19:30

De Ljouwerter studinte Annemarie Lindeboom is in aksje begûn foar Marketing Leeuwarden. Dizze promoasje-organisaasje rekket per ien jannewaris syn gemeentlike subsydzje kwyt. Ljouwert wol de aktiviteiten no wer sels útfiere. Annemarie Lindeboom is it dêr net mei iens en hat in goeie 90 minsken fûn dy't in petysje dêrta ûndertekene ha. Dêr sitte Ljouwerter ûndernimmers by en ek leden fan de gemeenteried.

Trefwurden: 
aksje Marketing
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)