KNSB wol 400 m-baan Ljouwert

16 des 2011 - 16:03

As de plannen foar in nije iishal yn Ljouwert trochgean, dan moat der gjin 333 meter baan komme, mar in echten-ien fan 400 meter. Dat fynt Jan van Weperen, lid fan it algemien bestjoer fan it distrikt Fryslân fan reedridersbûn KNSB. Mei in 400 meter baan is Ljouwert folle ynteressanter foar reedriders dy't no noch op oare plakken traine.

De stichting IIshal Ljouwert makke freed de plannen foar de nije Alvestêdehal bekend.

Foar goed 13 miljoen euro moat de nije hal der komme. De stichting hat de finansiering fan de nije hal noch net klear mar ropt de provinsje, gemeente Ljouwert, omlizzende gemeenten en bedriuwen op om de kosten te beteljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)