Skoalwacht as staazjeplak

16 des 2011 - 15:15

Skoalmienskip Comenius yn Ljouwert lit learlingen klasgenoaten yn de gaten hâlde. Treddeklassers sjogge derop ta dat klasgenoaten de boel net yn de bulten jeie. Se dogge dat op it plein en yn skoalle.

Alle wiken binne tsien learlingen oan bar. Oan 'e ein fan it skoaljier hawwe alle treddeklassers twa wike tsjinst hân. De oeren telle mei foar maatskiplike staazje.

Skoalmienskip Piter Jelles docht ek oan learlingskoalwacht.

Trefwurden: 
Comenius
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)