Lege opkomst referindum

De opkomst by it referindum oer de takomst fan Ljouwerteradiel leit oant no ta hiel leech. Mar ûngefear 2 persint hie om 9.30 oere syn stim útbrocht. By de lêste riedsferkiezings wie dat om deselde tiid al 10 persint. Ynwenners kinne by it referindum kieze út twa opsjes: oanslute by Ljouwert of by de nije gemeente Noardwest-Fryslân.
Earder hat de gemeenteried besletten dat de opkomst op syn minst 60 persint wêze moat om it referindum jildich te meitsjen. De goed 8.000 stimgerjochtigden kinne oant 21.00 oere stimme.
Der binne seis stimburo's yn Stiens en fjouwer yn de doarpen dêr omhinne: Britsum, Koarnjum, Alde Leie en Hijum.