Navigaasjesystemen stellen

30 jan 2013 - 09:46
  • Plysje-embleem

De plysje hat twa manlju oanhâlden dy't derfan fertocht wurde in tal navigaasjesystemen út auto's stellen te hawwen. De twa binne sjoen yn Damwâld, doe't se har fertocht ophâlden by in tal auto's. Se koene letter oanhâlden wurde om't der in goede beskriuwing fan de auto wie. Yn dy auto fûn de plysje fjouwer navigaasjesystemen, fan ien dêrfan is dúdlik dat it yn Damwâld stellen is. Yn de auto is ek ynbrekkersark fûn. De twa ynsittenden, in man út Bedum en ien sûnder fêst wenplak, binne oppakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)