Djuricic foarearst net fuort

Filip Djuricic yn aksje © Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma
Sportklup Hearrenfean wol foarearst net meiwurkje oan in transfer fan Filip Djuricic nei FC Twente. De klup hat in earste bod ôfwiisd. Tiisdei melden ferskate kranten dat it gean soe om in bedrach fan 6,5 miljoen euro. Djuricic soe by Twente de opfolger wurde moatte fan Leroy Fer, dy't oer wol nei it Ingelske Everton. Neffens technysk-direkteur Johan Hansma is de kâns grut dat Djuricic it seizoen ôfmakket by Hearrenfean. Dat seizoen ferrint oant no ta teloarstellend.