Romje bommen noch net wis

29 jan 2013 - 23:36

It is noch net wis dat seis bommen út de Twadde Wrâldoarloch no sneon romme wurde kinne op de fleanbasis fan Ljouwert. In oantal bewenners út de gemeente Menameradiel ferset him dêr tsjin. De bewenners hawwe de opdracht krigen om sneon harren hûzen te ferlitten, mar wolle hjir net oan foldwaan. Neffens harren kostet it romjen harren in soad jild. Paulus Hoogland, wurdfierder fan de bewenners, sei tiisdeitejûn op in foarljochtingsgearkomste dat definsje mar in oare wize fine moat om de bommen fuort te heljen.

Bygelyks mei beskerming op de basis sels. Boargemaster Tom van Mourik besiket de kommende dagen om yn oerlis mei alle partijen in kompromis te finen.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)