Rom 400 oanmeldings 'De Keet'

De Keet, de nije dramarige fan Omrop Fryslân © Omrop Fryslân
Foar de nije Fryske dramasearje 'De Keet' binne mear as 400 oanmeldings foar de audysjes binnen kaam. It projekt is in gearwurking tusken Omrop Fryslân en Tryater. Foar de audysjes no sneon en snein by Tryater binne 92 akteartalinten selektearre. Dêr sil besjoen wurde hokker kandidaten geskikt binne foar de ferskate rollen en dan is der ein febrewaris in lêste audysje en moat de besetting foar 'De Keet' kompleet wêze. De searje sil yn de simmer fan 2013 opnommen wurde.
It idee foar de dramasearje komt fan regisseur Mirjam de With fan De Jouwer dy't ek de rezjy docht.