Opheldering oer Ministearje

© Omrop Fryslân
Keamerleden fan PvdA en VVD wol opheldering fan minister Opstelten fan feiligens en justysje oer de plannen fan it Iepenbier Ministearje om út Ljouwert fuort te gean nei Grins. De keamerleden fan beide partijen binne bang dat hjirtroch ek de rjochtbank yn Ljouwert syn wurk net mear goed dwaan kin. Ljouwert soe dan gjin echte justysjestêd mear wêze. Boppedat is neffens de PvdA en de VVD it ferlies fan it Iepenbier Ministearje út Ljouwert min foar de regionale wurkgelegenheid.