Van den Berg nei Hearrenfean

29 jan 2013 - 18:30
  • Joey van den Berg

Fuotballer Joey van den Berg giet per direkt fan PEC Zwolle nei SC Hearrenfean. De middenfjilder tekende tiisdei in kontrakt foar 3,5 jier. Yn 2004 begûn Van den Berg syn profkarriêre ek by Hearrenfean. Fia ûnder oaren FC Omniworld en Go Ahead Eagles kaam hy yn 2010 nei Zwolle. De ôfrûne trije jier spile Joey van den Berg 73 kompetysje wedstriden foar Zwolle en makke 15 doelpunten. Yn totaal spile hy 105 wedstriden yn it proffuotbal. Woansdei sil Van den Berg al traine mei de earste seleksje fan SC Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)