Frijmerken noch ûndúdlik

It is noch foar in grut part ûndúdlik oft de tradisjonele frijmerken yn Fryslân dit jier wol trochgean, no't keninginne Beatrix op 30 april ôfstân docht fan de troan. Yn in soad plakken, lykas Ljouwert, Snits en It Hearrenfean moat dêr noch oerlis oer komme.
Yn Drachten is it Oranjekomitee al yn sân hasten byelkoar kaam. Yn it sintrum fan Drachten is op keninginnedei altyd in frijmerk, mar der binne ek tal fan oare aktiviteiten op dy dei. It komitee hat al neitocht oer oanpassing fan de aktiviteiten, mar in beslút dêroer falt pas letter.