Van den Berg mooglik werom

Joey van den Berg © awfoto.nl
Sportklup Hearrenfean hat him by PEC Zwolle melden foar Joey van den Berg. Konkreet is der noch neat, mar dat hinget nei alle gedachten ôf fan it fuortgean fan Filip Djuricic. Van der Berg is gjin ûnbekende foar Hearrenfean. Al op jonge leeftiid krige er in kontrakt. Yn it seizoen 2004/2005 en 2005/2006 spile de no 26-jierrige middenfjilder twa kear yn it earste. Dêrnei waard er ferhierd oan Omniworld. Fierder kaam er út foar de amateurs fan MSC en Alcides en spile er op amateurbasis by Go Ahead Eagles. Sûnt 2010/2011 is er aktyf yn Zwolle.
Sportklup Hearrenfean hat ek belangstelling foar Jens Toornstra, mar dat is net fan de lêste wiken. Hearrenfean hat him begjin dit seizoen al ris by ADO Den Haach meldt om de ynteresse kenber te meitsjen. Hearrenfean hat doe oanjûn allinnich konkreet te wurden, as der jild frijkomt.