Polderhoofdkanaal by steatsried

29 jan 2013 - 14:20
  • Polderhoofdkanaal op it stik dêr't it net dimpt is

Opsterlân en de steatssekretaris fan ekonomyske saken sette it plan foar weriepening fan it Polderhoofdkanaal troch. De saak leit no by de Ried fan Steat. De steatssekretaris fan ekonomyske saken en de gemeente Opsterlân hawwe it dêr dellein yn in beswier.

De saak spilet al in hiel skoft. Om it kanaal wer opnij útgrave te kinnen foar de wettersport kaam der in ûntheffing. Mar dêr kaam in rjochtsaak fan en de rjochter hat dy ûntheffing ferneatige. De gemeente en de steatssekretaris gean dêrtsjin yn berop by de Ried fan Steat.

Yn in earder stadium wiisde de rjochtbank de weriepening ôf, om't der gjin grut iepenbier belang by it wer útgraven fan it kanaal is. Fierders fûn de rjochtbank dat de steatssekretaris in ûntheffing oanfreegje moatten hie yn ferbân mei twa bedrige bistesoarten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)