Minne muorre previntyf sloopt

Sydmuorre fan 'e Blokhúspoarte © Omrop Fryslân
In part fan de sydmuorre om de eardere Ljouwerter finzenis De Blokhúspoarte hinne is moandeitejûn foar alle wissichheid sloopt. It boppeste stik drige derôf te fallen. Dat die bliken út in ynspeksje neidat snein in 20 meter lang stik ynstoart wie. Dat stie
oan 'e foarkant fan it gefang.
De finzenis is hûndert jier ferlyn boud. It ynstoarte diel is in stik dat der yn de jierren '50 op set is. Nei alle gedachten is froast de oarsaak fan it ynstoarten.