Strânrin Amelân wol op strân
De Adventurerun op It Amelân giet sneon wol oer it strân lykas altyd. De organisaasje hat dat freedtemiddei besletten. Yn it foar wie net dúdlik oft it wol koe. Troch de hurde wyn komt it hege wetter fier it strân op. Der bliuwt dan net folle romte oer om te rinnen.
De Adventurerun foar sneon is al hielendal fol mei 3500 dielnimmers.