Gjin asbestgefaar Bollingwier

© Omrop Fryslân
It asbest dat sneintejûn frijkommen is by de brân yn in pleats yn Bollingwier by Easternijtsjerk leit allinnich om de pleats hinne. Undersyk fan in spesjalisearre buro hat dat moandei útwiisd. De gemeente Dongeradiel hat de omwenners dat yn it brief witte litten. Der is gjin sûnensrisiko foar de minsken dy't tichtby de pleats wenje.
It asbest sil oprêden wurden en dêrnei sil it gebiet nochris kontrolearre wurde. As dat dien is, sil it terrein wer frijjûn wurde. Minsken dy't noch fragen hawwe, kinne kontakt opnimme mei de gemeente.