Ekstra kranten oer Beatrix

29 jan 2013 - 11:17
  • It Frysk Deiblêd en de Ljouwerter Krante

Beide Fryske kranten ferheegje tiisde de oplage foar de losse ferkeap yn ferbân mei de troanwiksel. Se komme mei in bylage fan 10 oant 11 siden mei ferhalen oer de keninginne. Yn it gefal fan de Ljouwerter Krante is de oplage twa kear sa heech as gewoan, by it Friesch Dagblad is de oplage mar justjes heger.

Beide kranten gean yn op de besites fan keninginne Beatrix oan Fryslân fan de ôfrûne jierren. Neffens de LC hat de keninginne lykwols folle faker yn de provinsje west, as in soad minsken tinke. Se wie hjir privee ek faak om te silen.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)