Sochte automobilist meldt him

28 jan 2013 - 22:26

De automobilist dy't moandeitemoarn mei opsetsin in oare bestjoerder oanriden ha soe nei in ferkearsrûzje, hat him justermiddei telefoanysk melden by de plysje. It giet om in 59-jierrige man út Kollum. De plysje die yn de media in tsjûge-oprop om achter de identiteit fan de man te kommen.

Nei in oanriding yn in file krigen de bestjoerder en in 27-jierrige automobilist út Westzaan wurden, wêrnei't de bestjoerder de Noard-Hollanner oanried. Dy koe slim letsel foarkomme troch op de motorkap te dûken.

Trefwurden: 
oanriding A32 ferkearsrûzje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)