Grutte kwekerij yn Wolvegea

28 jan 2013 - 21:41

Yn in bedriuwesammelgebou op it yndustryterrein fan Wolvegea hat de plysje moandeitejûn in grutte himpkwekerij oprôle. Dêr stiene mear as 2000 planten en dat is neffens de plysje in útsûnderlik soad. Yn in hierde loads op de Titaniumwei wie in ferdjipping boud, sadat der op twa etaazjes himp ferboud wurde koe. Op it momint fan de ynfal wie der in man oan it wurk. Hy is oanhâlden, mar wol de plysje net fertelle wa't er is.

De plysje ûndersiket oft de kwekerij ferbân hâldt mei de oerlêst fan himpkwekers yn Easterwâlde en omkriten.

Der waard yllegaal stroom ôftape en de elektrisiteit wie sa amateuristysk oanlein dat de kabels gleonhjit wiene. Neffens de brânwacht wie it wachtsjen op brân as de kwekerij net ûntdutsen wie.

Trefwurden: 
himp Stellingwerven kwekerij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)