Philips Drachten yn it grien

28 jan 2013 - 21:18

De keale gersfjilden by it Philipsfabryk yn Drachten moatte feroarje yn in griene romte fol biste- en plantesoarten. It bedriuw giet yn see mei de Vlinderstichting om it terrein geskikter te meitsjen foar flinters en oare bisten. De stichting hat it terrein sa't it der no by leit, ûndersocht en jout Philips in meagere fiif foar biodiversiteit.

Philips sjocht oars nei bûtenromte by it fabryk oan no't it meidocht oan it projekt Leaders for Nature. Ein dit jier wurdt in begjin makke mei de nije ynrjochting fan it terrein.

Dan is graafwurk foar nije kabels en liedingen achter de rêch. Doel is dat mear bedriuwen meidwaan gean, sadat ek op bedriuweterreinen in grien lint fan natoer stiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)