Buma is Beatrix 'tankber'

© Sybrand van Haersma Buma
Fraksjelieder Sybrand van Haersma Buma fan it CDA is keninginne Beatrix 'bysûnder tankber' foar har grutte ynset foar Nederlân de ôfrûne 33 jier. Buma neamt de keninginne 'ynspirearjend, saakkundich en belutsen'. "Nederlân mei grutsk wêze op dizze keninginne, wy sille har yn har funksje misse."
Beatrix hie neffens Buma ek altiten waarme belangstelling foar de polityk en kabinetsformaasjes. Buma winsket de oankommende kening Willem Alexander en prinsesse Máxima in 'goeie tarieding' op de belangrike taak, dy't foar harren leit.