Beatrix treedt ôf op 30 april

28 jan 2013 - 19:08

Keninginne Beatrix docht op 30 april ôfstân fan de Nederlânske troan. Op keninginnedei sil sy har taken oerdrage oan har âldste soan kroanprins Willem-Alexander. De keninginne tinkt 'al inkele jierren' nei oer it momint om troansôfstân te dwaan, sa sei se moandeitejûn op radio en televyzje.

Har 75e jierdei en it 200-jierrich jubileum fan de Nederlânske monargy fynt de keninginne in goed momint. De keninginne hat 'it grutste betrouwen' yn de kroanprins en syn frou prinsesse Máxima.

It is tiid om de ferantwurdlikheid oer te dragen oan in nije generaasje, sa sei de keninginne sels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)