Legionella by Aylva State

De 27 bewenners fan soarchsintrum Aylva State yn Wytmarsum ha ferline wike trije dagen yn in kampearbuorkerij yn Finkegea soarch krigen. Sûnt de nijbou fan Aylva State in jier lyn yn gebrûk naam waard, wurde yn de wetterliedings te hege legionellawearden metten. Fanwege in gemyske reiniging krigen de bewenners tydlik earne oars soarch.
Ut tests moat de kommende wiken bliken dwaan oft de legionalla no lang om let út de wetterliedings ferdwûn is.