Skotten stellen yn Sumar

Ynbraak © Omrop Fryslân
Yn it wykein is by in transportbedriuw yn Sumar in partij aluminium skoten stellen mei in wearde fan 9000 euro. It giet om skotten dy't ornaris oan de sydkant van oplizzers brûkt wurde. Se leine opslein op it terrein fan it bedriuw oan de Solcamastrjitte yn Sumar.
By in oar bedriuw op dy strjitte waard dit wykein in oanhingwein stellen, dy't mooglik brûkt is om de aluminium skotten mei ôf te fieren. De plysje hat de stellerij yn ûndersyk.