Omrin sil De Wierde oanpasse

28 jan 2013 - 15:37

Omrin hat tastimming om it ôffalferwurkingsplak De Wierde by Aldehaske hielendal oan te passen. De provinsje hat dêr in fergunning foar ôfjûn. Offalferwurker Omrin wol in ynstallaasje oanlizze dy't stoartgas en biogas omsette kin yn heechweardich gas. It doel is dat de eigen frachtweinen fan Omrin op dit gas ride sille. Der moat dêrom ek in tankstasjon boud wurde.

Fierder hat Omrin plannen om in mingynstallaasje oan te lizzen dy't foar brânstof soarget foar de REC yn Harns. Mei-inoar kostet it hiele projekt tusken de 4 en 5 miljoen euro.

Omrin moat de finansiering noch wol rûn sjen te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)