Measte asbest op pleats fallen

28 jan 2013 - 15:10

It asbest dat sneintejûn frijkaam by de buorkerijbrân by Easternijtsjerk is foar it grutste part yn de buorkerij sels delkaam. In lyts part is bûten it bedriuw op 'e grûn telâne kaam, mar leit net op iepenbiere grûn of grûn fan oaren. It asbest wurdt de kommende tsien dagen troch in spesjaal bedriuw ferwidere.

Hjirnei komt der noch in ûndersyk, om der wis fan te wêzen dat alle asbest fuort is. De omwenners krije noch in brief fan de gemeente Dongeradiel mei mear útlis oer de stân fan saken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)