IIsoefening brânwacht en SAR

28 jan 2013 - 11:43

Yn Ljouwert hat de loftmacht moandei foar it earst tegearre mei de brânwacht in oefening dien om in persoan út in wek te rêden. De ôfrûne wiken moasten ferskate kearen minsken út it iis holpen wurde en yn sokke gefallen is it wichtich dat de helptsjinsten goed op inoar ynspile binne. Brânwacht en definsje fine dat de oefening goed ferrûn is.

Se sille no mei-inoar yn petear om te sjen wat foar ferbetterpunten der binne.

Trefwurden: 
brânwacht definsje SAR iis wek
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)