Auto oer de kop op 'e Gordyk

Troch in ferkearde stjoerkorreksje is op de Hegedyk op De Gordyk sneintenacht in auto oer de kop flein. De bestjoerder (26) fan De Gordyk sei tsjin de plysje dat hy earne fan skrokken wie en dêrom te fûl oan it stjoer lutsen hie. Hy rekke dêrtroch de macht oer it stjoer kwyt en bedarre mei de auto yn de greide.
De man rekke licht ferwûne en is mei de ambulânse nei it sikehûs fan It Hearrenfean brocht.