Gjin meldpunt bystânsfraude

Yn de gemeente Hearrenfean komt gjin meldpunt dêr't boargers mooglike gefallen fan bystânsfraude trochjaan kinne. In mearderheid yn de gemeenteried is tsjin it foarstel fan koälysjepartij VVD. Dy partij is fan miening dat sa'n meldpunt yn Amsterdam in grut súkses is en ek yn de gemeente Hearrenfean fertuten dwaan kin om útkearingsfraude hurder oan te pakken.
Op de gemeentlike website kinne no ek al mooglike fraudegefallen trochjûn wurde. De measte fraksjes fine dêrom in spesjaal meldpunt net nedich.