Auto oer de kop by Wergea

28 jan 2013 - 10:37
  • De auto bedarre yn de sleat njonken de dyk

By in iensidich ûngelok op de Wartensterdyk by Wergea is sneintejûn in frou (29) út Wergea licht ferwûne rekke. Sy siet yn de auto by in oare frou (29) út Wergea. Dy ferlear troch de glêdens de macht oer it stjoer. De auto slipte, fleach trije kear oer de kop en bedarre doe yn in sleat, foar in part ûnder wetter.

It slagge de frou en har passazjier om sels út de auto te kommen. De passazjier hie lichte ferwûnings. Se waard hjirfoar op it plak fan it ûngelok behannele troch meiwurkers fan 'e ambulânsetsjinst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)