'Sionsberg is feilich sikehûs'

© Omrop Fryslân
Sikehûs De Sionsberg is in feilich sikehûs, dêr't de feilichheid fan de pasjinten yn alle lagen fan de organisaasje genôch omtinken krijt. Dat is in belangrike konklúzje fan in ekstern ûndersyk, dat ein 2012 útfierd is. Hjirmei foldocht de Sionsberg oan de nijste noarmen fan de Nederlânske Feriening fan Sikehuzen.
De Sionsberg sjocht bygelyks goed nei de risiko's foar de feiligens fan pasjinten as se mei nije projekten begjinne. Foardiel is dat it in lyts sikehús is mei koarte linen en dat meiwurkers elkoar oansprekke.
Elk is dwaande mei it sa lyts mooglik hâlden fan risiko's, sa docht bliken út it ûndersyk.