Warskôging foar glêdens

27 jan 2013 - 22:05

It ferkear moat sneintejûn en -nacht rekken hâlde mei glêde diken. Benammen op klinkerdiken kin it op plakken sjippeglêd wurde, sa warskôgje plysje, ANWB en KNMI. Dy lêste hat fanwege de sitewaasje koade giel ôfjûn, in warskôging foar gefaarlik waar.

De glêde diken ûntstean trochdat der noch teiwetter opleit. Omdat de temperatuer oan 'e grûn ûnder it friespunt komt befriest dat opnij.

Trefwurden: 
glêdens glêd glêde diken
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)