Oenema fabeleftich op 500

27 jan 2013 - 21:45
  • Thijsje Oenema, Thialf, wrâldbekerwedstriden 2012

Thijsje Oenema hat op de twadde dei fan it WK sprint yn Salt Lake City opnij in Nederlânsk rekôr riden op de 500 meter. Sneon hie de Jouster dat ferbettere nei 37.38, op snein gong it noch hurder: 37.06. Dat wie goed foar it twadde plak, Sang-Hwa Lee wûn yn 36.99.

Margot Boer ferspile tiid mei har 37.82, goed foar it alfde plak. Marrit Leenstra waard 20e mei in pr fan 38.02. Mei de 1000 meter noch te gean stiet Oenema fjirde yn it klassemint. It gatsje mei liedster Heather Richardson is 0.26. Jing Yu is twadde, Sang-Hwa Lee tredde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)