Opnij ferlies foar Mid-Fryslân

Kuorbal © ANP XTRA
De kuorballers fan Mid-Fryslân ha snein mei 24-16 ferlern fan de nûmer fjouwer Wageningen. Yn Wageningen wist de ploech fan trainer Arjan Kreeft de thúsploech yn de earste helte noch knap by te hâlden. By rêst stie der in 15-11 stân op it boerd.
Nei it skoft wreide de thúsploech de foarsprong fierder út. By Mid-Fryslân hapere de doelpuntemasine, wêrtroch't de ploech út Grou en Reduzum tasjen moast hoe't Wageningen der mei de fertsjinne winst fantroch gie.