VVD Harns wol mear toeristen

27 jan 2013 - 15:40

De VVD Harns wol de havenstêd oantrekliker meitsje foar toeristen. It falt de partij op dat de winkels har amper spesifyk rjochtsje op toeristen. Foar it plan Waterfront ropt de partij de ynwenners op mei kreative ideeën te kommen.

De VVD wol Harns mear promoatsje as ien fan de Fryske alve stêden, fierder moatte der op mear plakken bankjes komme en wifi foar de hiele stêd. Ek pleitet de partij foar it ûntwikkeljen fan in city-app foar de mobile telefoan. Op langere termyn wol de VVD dat der fyts- en kuierpaden komme.

Trefwurden: 
toerisme VVD Harns
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)