Skipfeart yn konfoai om iis

27 jan 2013 - 13:12

De skipfeart op de Iselmar, Markermar, Ketelmar en de Randmeren hawwe lêst fan it iis. Op de Markermar is snein konfoai-feart ynsteld op de rûte Amsterdam-Lelystêd. Yn konfoai farre skippen ûnder begelieding fan twa of mear iisbrekkers.

Ek op de Iselmar, Ketelmar en de Randmeren is iis, mar dêr kin noch selsstannich fearn wurde. Rykswettersteat set dêr wol iisbrekkers yn om de trochfeart frij te hâlden.

Trefwurden: 
iis skipfeart konfoai
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)