FNP: by oerlis gaswinning wêze

27 jan 2013 - 13:00

De FNP wol dat deputearre Poepjes oanskoot by it oerlis mei minister Kamp oer de gaswinning yn Grinslân en de ierdbevings dy't dêrtroch ûntstean kinne. De minister sil nije wike nei Grinslân om dêroer te praten. Ek yn Fryslân is skea troch gaswinning fan de NAM. Dan giet it om skea troch boaiemdelgong, mar dat makket neffens de steatefraksje fan de FNP net út. De partij wiist op de moasje dy't de steaten begjin 2012 oannommen hawwe. De partijen stelden doe dat in finansjele kompensaasje foar de regio rjochtfeardige is.

It kolleezje hat doe tasein in aktive lobby te fieren om dit klear te krijen. De FNP fynt de besite fan minister Kamp oan Grinslân in goeie gelegenheid om de lobby te fieren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)