Dronken dieveduo pakt yn Snits

27 jan 2013 - 12:44
  • Ynbraak

Yn in skoalle oan it Griend yn Snits binne sneontejûn twa dronken ynbrekkers oanhâlden. Se hiene har ferstoppe ûnder in buro. It giet om in man (24) út Skearnegoutum en in Feanster (30). Neidat it alarm ôfgong wie, gie de plysje nei de skoalle ta. Mei in befeiliger trochsochten se it gebou. Op de boppeferdjipping troffen se de twa ynbrekkers oan ûnder it buro. Se hiene in laptop by har en in flesse drank dêr't se al flink út dronken hiene. Se binne fêstset op it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)