Man wer pakt foar lûdsoerlêst

De plysje hast sneontejûn in man (26) fan De Rottefalle oppakt om't er foar de safolste kear lûdsoerlêst feroarsake. De plysje kaam yn aksje nei't op 'e nij klachten wiene oer de bewenner fan de Nije Buorren. De ôfrûne moannen krige hy al trije kear in warskôging en ien kear in boete foar lûdsoerlêst. Doe't de plysje sneontejûn oan de doar kaam, wegere de man se deryn te litten. Yn de hal fan de flat ûntstie in wrakseling, dêr't de fertochte de plysje by bedrige en misledige. Hy is nei it buro brocht, krijt in boete en is de ynstallaasje kwyt.