Hynders dea by brân yn skuorre

© ANP XTRA
By in brân yn in skuorre achter in wenning oan de Kleasterwei yn Tsjummearum, binne sneintemoarn betiid trije hynders om it libben kaam. De bewenners ûntdutsen de brân om kertier oer fiven hinne en warskôgen de helptsjinsten. It slagge net mear om de hynders út de baarnende skuorre te heljen.
De brânwacht koe net foarkomme dat de skuorre folslein útbaarnde. De oarsaak fan de brân is noch net bekend.